Man swier ferwûne by brân

02 des 2007 - 10:20

De bewenner fan in hûs oan de Heerenacker op De Gordyk is sneintemoarn swier ferwûne rekke by in brân yn syn sliepkeamer. It bêd dêr't de man op lei fleach troch noch ûnbekende oarsaak yn 'e brân.

De oproppen brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle. Dêrnei koe it slachtoffer út syn sliepkeamer helle wurde. De man is mei de helikopter nei it UMCG-sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)