Surhuzum wol petear doarpshûs

02 des 2007 - 08:45

Surhuzum wol dat Pleatslik Belang yn petear giet mei it bestjoer fan it doarpshûs. Dat docht bliken út in hantekenaksje. It bestjoer kundige koartlyn oan op te stappen fanwege in skeel mei de gemeente.

De ûndertekeners wolle dat Pleatslik Belang it bestjoer op oare gedachten bringt. Sa moat foarkaam wurde dat it doarpshûs ticht giet. In petear tusken Pleatslik Belang en de gemeente stiet al pland.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)