Brassband De Wâldsang kampioen

02 des 2007 - 02:18

Brassband De Wâldsang út Bûtenpost is winner fan de Nederlânske Brassband Kampioenskippen wurden. Mei 97 punten wie de muzykferiening út Bûtenpost krekt wat better as De Bazuin fan Oentsjerk. Dy brassband einige mei 96 punten op it twadde plak.

De útslach wie in herhelling fan dy fan ferline jier. De kampioenskippen waarden dit wykein hâlden yn in útferkocht Martiniplaza yn Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)