Elma de Vries twadde yn Ruslân

01 des 2007 - 16:07

Elma de Vries fan De Haule is by de wrâldbekerwedstriden reedriden yn Kolomna yn de B-groep twadde wurden op de 5.000 meter. De Vries ried de fiif kilometer yn in tiid fan 7.02,90 en dat wie geweldich persoanlik rekord.

Gretha Smit wûn de B-groep yn 6.53,63. Friezinne om útens Mireille Reitsma waard tredde yn 7.05.75. De winnares fan de A-groep Martina Sábliková wie fjouwer hûndertste stadiger as Gretha Smit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)