Gjin ljipaai fûn op Flylân
Flylân is de iennichste Fryske gemeente dêr't gjin ljipaai fûn is. Dat is dúdlik wurden nei't sneintemiddei it kwotum fan 5939 aaien berikt waard. Rûnom yn de provinsje giene aaisikers it lân yn, mar Flylân hat gjin aaisyktradysje.