Brutsen earm nei ynheljen

01 des 2007 - 15:10

By in ûngelok op de Klauwertswei yn Sigerswâld is freedtejûn in 33-jierrige automobilist ferwûne rekke. It slachtoffer skrok by it ynheljen fan in scooter dy't him temjitte kaam. De automobilist stjoerde derop nei rjochts en kaam fia in sleat op syn side neist de dyk te lizzen.

De bestjoerder fan de auto is mei in brutsen earm nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)