Verbeek ljochtet spilers yn

01 des 2007 - 12:33

Hearrenfeantrainer Gertjan Verbeek hat de spilersgroep meidield dat it ûnsin is dat hy oan de ein fan dit seizoen de club ferlit. Neffens Verbeek moat der noch in petear komme mei de direksje. Gewoanwei soe dat yn jannewaris wêze, no ferwachtet Verbeek dat it petear earder plakfine sil.

Verbeek seit dat Riemer van der Velde in petear hân hat mei Voetbal International en dat se op basis dêrfan publisearje dat hy fuortgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)