'Tunen oanlizze op dak'

Der moatte griene dakken komme yn Ljouwert. Dat wolle de VVD- en CristenUnie-fraksjes yn de stêd.
Der is te min grien yn de stêd. Dat kin kompinseard wurde troch tunen oan te lizzen op dakken. Dat is goed foar de luchtkwaliteit, de temperaturen yn de stêd. Ek wurde de dakken better isolearre en reinwetter kin ek better opfongen wurde. De hallen fan it WTC Expo yn Ljouwert soene bygelyks goed brûkt wurde kin foar in daktún.