Music Night-awards útrikt

01 des 2007 - 10:13

Henk Kroes en Epke Zonderland hawwe in Fryske Music Night-award wûn. Kroes krige de priis fanwege syn grutte fertsjinste foar Fryslân. Neist Kroes wienen ek kommissaris Ed Nijpels en Rients Gratama nominearre.

Yn de kategory sport en kultuer gie de priis nei turner Epke Zonderland. Syn konkurrinten wienen Sven Kramer, Pieter Weening en Jos Thie. De prizen waarden freed útrikt by de Fryske Music Night yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)