Skip fan 160 meter nei Harns

© Omrop Fryslân
De haven fan Harns krijt de kommende dagen it grutste skip ea op besite. De Dual Confidence is hast 160 meter lang en 26 meter breed. It skip sil sâlt fan Frisia nei Amerika bringe.
Net al it salt kin yn Harns laden wurde, it skip soe oars net mear troch de fargeul nei de Noardsee kinne. Dêrom wurdt in diel fan it sâlt yn Harns laden en komt de rest der yn Amsterdam yn. Dat sâlt wurdt mei lytsere skippen nei Amsterdam brocht.