SC Cambuur pakt in punt

© Omrop Fryslân
Sportklub Cambuur hat freedtejûn mei 1-1 lykspile tsjin BV Veendam. Krekt foar it skoft skeat Guilherme Afonso de besikers op foarsprong. Yn de twadde helte makke Sandor van der Heide op skitterjende wize 1-1.
It wie it earste punt foar de Ljouwerters sûnt fiif wedstriden. Cambuur bliuwt wol op it 18e plak stean mei 17 punten út 19 wedstriden. Takom wike is Dordrecht '90 de tsjinstanner.