Roaster skuldige fan klachten

© Omrop Fryslân
De grutte stiging fan it tal klachten oer it Fryske iepenbier ferfier hat by ferfierder Connexxion foaral te krijen mei de ynfiering fan it nije tsjinstroaster.
Dat seit wurdfierder Herman Opmeer. Oer de earste helte fan dit jier binne der oer it hiele iepenbiere ferfier mear as 4300 klachten binnen kaam.Foarich jier wiene dat der krekt wat mear as 2000 oer deselde perioade.