Tsjerkeried nei rjochter

26 mrt 2012 - 13:52

De tsjerkeried fan Langwar stapt nei de rjochter om tastimming te krijen foar de kap fan de byldbepalende beammen by de tsjerke. De gemeente Skarsterlân hie dêr earder in fergunning foar ôfjûn mar luts dy letter nei protesten út it doarp wer yn.

Neffens de gemeente is der gjin needsaak foar de kap en kinne se ek wol snoeid wurde. De tsjerkeried bestriidt dat. Neffens harren binne de beammen gefaarlik en soargje se foar hege kosten fan it ûnderhâld fan it tsjerkhôf.

Neist de rjochtsgong sil de ried ek in eigen ûndersyk útfiere litte nei de beammen. Dêrmei moat oantoand wurde dat der wol deeglik needsaak is foar de kap.

Trefwurden: 
Langwar tsjerkeried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)