Gaslieding troch Fryslân klear

30 nov 2007 - 19:03

De nije ierdgaslieding tusken Grypstsjerk en Wieringermeer is freed offisjeel yn gebrûk naam. De lieding giet dwers troch Fryslân.

Mei de oanlis fan de lieding hat de Gasunie en wichtige nije ferbining nei Noard-Hollân en Ingelân ta stân brocht. Uteinlik moat der ierdgas fan Ruslân nei Ingelân streame. Foaral yn Fryslân hie de Gasunie te krijen mei fertraging, mar úteinlik wie it hiele projekt krekt op tiid klear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)