Gemalen folle djoerder

30 nov 2007 - 17:51

De modernisearring fan in 13-tal gemalen troch Wetterskip Fryslân falt 1,2 miljoen djoerder út as begrutte. Yn de rûzings is gjin rekken hâlden mei bygelyks it brûken fan hout mei it FSC-keurmerk of it ynstellen fan needbemealling wylst der boud wurdt.

Der is ek mear keazen foar oplossings dy't wat djoerder útfalle, mar op langere termyn wat minder kostje yn it ûnderhâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)