Ear moat lûdsoerlêst mjitte

30 nov 2007 - 16:23

Hearrenfean set it minsklik ear yn om te kontrolearjen op lûdsoerlêst by hoarekagelegenheden yn de gemeente. Oant no ta waard dit dien mei spesjale apparatuer. Dat wie lykwols hiel omslachtich. Oertredingen koene net earder konstateard wurde as dat de mjittingen dat echt oanjûn hiene.

Tenei set de gemeente eigen amtners of de plysje yn. Dy brûke dan har eigen earen om te hearren oft it ek te mâl giet mei it lûd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)