Nederhoed staalbouw fallyt

30 nov 2007 - 14:51

It bedriuw Nederhoed Staalbouw op it Hearrenfean is fallyt. It bedriuw hat no genôch wurk omhannen, mar hie noch inkele miljoenen euro's skuld stean. De Rabobank is de grutste skuldeasker. Der wurkje 39 minsken.

Nederhoed is foaral bekend as bouwer fan tribunes en stadions. It bedriuw hat de swiere stielkonstruksjes levere foar it Abe Lenstrastadion op it Hearrefean. De kâns op in trochstart liket grut te wêzen

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)