Verbeek fuort by Hearrenfean?

30 nov 2007 - 14:12
  • Gertjan Verbeek. Foto: Martin de Jong

Trainer Gertjan Verbeek ferlit SC Hearrenfean oan de ein fan dit seizoen. Dat meldt de webside fan it fuotbalwykblêd Voetbal International. Neffens VI wurdt it nijs nei dit wykein bekend makke.

Verbeek sels ûntkent dat it ferhaal by him weikomt. Hy seit dat er it nei it sin hat by SC Hearrenfean. Syn kontrakt rint wol ôf oan de ein fan it seizoen. Mar Verbeek moat dêr noch oer prate mei de direksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)