Brânfoarljochting Hearrenfean

30 nov 2007 - 11:33

De gemeente Hearrenfean wol ynwenners fan it sintrum fan It Hearrenfean goed foarljochtsje oer de gefaren fan brân. Boargemaster De Jonge tinkt oan in foarljochtingskampanje dy't minsken fertelt hoe't se har hûs of winkel sa goed mooglik tsjin brân befeiligje kinne.

De Jonge seit dat nei oanlieding fan de brân yn it sintrum, freedtemoarn. De oarsaak dêrfan is noch net bekend. De skea rint mooglik yn de miljoenen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)