Biogassintrale yn Ljouwert?

30 nov 2007 - 11:28

Binnen trije jier moat yn Ljouwert in sintrale stean dy't enerzjy hellet út grien ôffal. De gemeente ûndersiket oft dat mooglik is. De sintrale set al it griente-, fruit- en túnôffal fan ynwenners om yn biogas. Dat kin brûkt wurde om wenwiken fan waarmte te foarsjen. Auto's en frachtweinen kinne ek op it gas ride.

De sintrale moat in plak krije op it Newtonpark oan de westkant fan de stêd. De bou kostet 10 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)