Swiere straf foar fuotbalklubs

Fuotballers en supporters fan beide klubs krigen spul
Fuotbalferiening De Westerein krijt 4 punten yn mindering en in jildstraf fan 300 euro foar de reboelje koartlyn by de wedstryd tsjin Velocitas. De sneinsamateur wurdt boppedat út de kompetysje helle as it nochris bart. Velocitas hat deselde straf krigen.
By de wedstryd tusken beide klubs twa wiken lyn bruts in grutte fjochtpartij út, dêr't ek minsken ferwûne by rekken. De Westerein giet yn berop tsjin de straf.