Doutzen maartmodel by Pirelli

30 nov 2007 - 10:21

Fotomodel Doutzen Kroes fan Eastermar krijt in prominint plak op de nije Pirelli-kalinder fan it jier 2008. It model stiet op de twa foto's fan de moanne maart, sa docht bliken út de tige populêre kalinder fan de Italjaanske bannefabrikant.

De foto's fan Kroes binne makke yn Shanghai, want dêr iepene Pirelli koartlyn in nije bannefabryk. Doutzen is ek it gesicht fan de nije Praat mar Frysk-kampanje fan de Afûk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)