Jong Hearrenfean wint fan NEC

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat tongersdei goeie saken dien tsjin Jong NEC. It waard 4-0. Arnor Smaráson brocht de thúsploech yn de 53-ste minuut op foarsprong en 20 minuten letter makke Donovan Deekman de 2-0. Pas yn de lêste fiif minuten namen de Feansters echt ôfstân fan de tsjinstander troch twa goals fan Samuel Armenteros.
De wedstryd fan tongersdei wie it lêste stik fan de wedstryd dy't op 29 oktober troch tichte mist staakt wie.