SP wol eigen Fryske ferfierder

It jild dat it noarden krijt as kompensaasje foar it Suderseespoar moat brûkt wurde om in eigen Fryske ferfiersmaatskippij op te setten. Dat fynt de steatefraksje fan de SP. De ferfiersmaatskippij soe yn hannen komme moatte fan de provinsje sels en soe ûnder oare soargje moatte foar in saneamde lightrail-ferbining tusken de Fryske alve stêden en Drachten.
De Fryske ferfierder soe it busferfier yn de provinsje ek regelje moatte.