Abma Afbouw makket trochstart
Tadema bouwbedriuwen út Ljouwert hat Abma Afbouw út Eksmoarre oernaam. Abma wie twa wiken ferlyn fallyt ferklearre, mar kin sa dochs in trochstart meitsje. It bedriuw, dat spesjalisearre is yn restauraasje, hie in skuld fan goed 1,5 miljoen euro.
De oername betsjut dat de 18 meiwurkers fan it bedriuw gewoan yn Eksmoarre oan it wurk bliuwe kinne.