Bestjoer VVD-Drachten fuort

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan de VVD-Smellingerlân stapt op. Op de ledegearkomste woansdei waard in moasje fan wantrouwen tsjin it bestjoer troch in mearderheid oannommen. De leden steane achter fraksjefoarsitter Potjer. It bestjoer fan de VVD hie earder it fertrouwen yn him opsein.
Neffens Potjer komt dat troch de gong fan saken by de ferkiezings. Potjer stie net op it earste plak, mar waard mei foarkarsstimmen keazen.