Argyf Wûnseradiel opskjinne

28 nov 2007 - 23:06

De gemeente Wûnseradiel lûkt 40.000 euro út foar in ynventarisaasje fan it âlde gemeente-argyf. It histoarysk argyf is bysûnder omdat de gemeente sûnt de Midsieuwen hast yn deselde foarm bestean bleaun is.

It âldste boek dateart dan ek fan 1581. De ynventarisaasje is nedich omdat it dreech is om wat yn de stikken te finen. Dit komt trochdat der gjin list is fan alle stikken dy't bewarre bleaun binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)