Bêste skripsje smyt jild op

28 nov 2007 - 22:49

Fiif studinten fan de trije hegeskoallen yn Ljouwert ha woansdei in priis fan 750 euro krigen omt se de bêste skripsje of ôfstudearopdracht skreaun hawwe. It jild komt fan it Van Welderen Rengersfûns dat ea út in neilittenskip ûntstean is om it ekonomysk wolwêzen yn Fryslan te befoarderjen.

In sjuery mei minsken fan de belutsen skoallen hat de wurkstikken foardroegen oan it fûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)