Ofkeapsom Suderseespoar heger

"Ofkeapsom Suderseespoar heger"
It noarden moat 160 miljoen euro ekstra krije as kompensaasje foar it net trochgean fan it Suderseespoar. Dat fynt in mearderhied yn de Twadde Keamer fan CDA, PvdA en de ChristenUnie. Earder wie al twa miljard euro kompensaasjejild tasein.
Minister Eurlings fan Ferkear is posityf, mar hat noch gjin dekking foar it ekstra jild. VVD, Groen Links en de SP hâlde fêst oan de oanlis fan it spoar.