Fries (15) komt om yn Etiopië

28 nov 2007 - 17:40

In 15-jierrige jonge út Driezum is yn de nacht fan tiisdei op woansdei yn Etiopië om it libben kommen by in ferkearsûngelok. Dat hat de famylje fan it slachtoffer woansdei bekend makke.

De jonge siet mei syn heit en twillingbroer yn in auto dy't troch ûnbekende oarsaak oer de kop sloech. De broer hat brutsen bonken, de heit is oerbrocht nei in sikehûs yn Nairobi mei harsensletsel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)