'Meitsje spoar noarden better'

28 nov 2007 - 16:42

PvdA en CDA wolle 160 miljoen euro útlûke foar it ferbetterjen fan de spoarferbining nei Grins en Ljouwert. PvdA-keamerlid Samson stelde dit tongersdei foar by it debat oer it net trochgean fan de Suderseeline. It noarden frege woansdei noch om it weromdraaien fan dat beslút, mar dat siet der net yn.

Yn plak fan de Suderseeline komt der no in kompensaasjepakket foar it noarden fan 2 miljard euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)