Ferwûne by oanriding De Hemrik

By de oanriding rekke ien man ferwûne
Op de krusing fan de Poalsterwei en de Suderkrúswei, flak by it gebou fan Omrop Fryslân, is woansdei in autorider ferwûne rekke by in oanriding. De bestjoerder op de Suderkrúswei joech gjin foarrang oan de reade auto dy't fan rjochts kaam oer de Poalsterwei.
De bestjoerder fan de combi is mei de sike-auto oerbrocht nei it MCL yn Ljouwert. De bestjoerder fan de oare auto kaam mei de skrik frij.