'Gjin nije útwreidingsplannen'

28 nov 2007 - 14:45

It is foarearst dien mei grutte útwreidingsplannen by doarpen en stêden yn Fryslân. Oer in goeie tsien jier sil de befolking fan Fryslân allinnich noch mar ôfnimme. Nijbou wurdt dêrmei oerstallich.

Dat sei deputearre Anita Andriesen woansdei op in sympoasium oer wenjen yn De Harmonie yn Ljouwert. Nijbou sil noch wol nedich wêze, mar dan giet it der om om besteande wenningen te ferfangen troch bettere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)