Oanhâlding foar mishanneling

28 nov 2007 - 10:17

De plysje fertinkt trije jonges fan in mishanneling op De Lemmer. It giet om twa ynwenners fan Eastersee fan 16 en 17 en om in Lemster fan 17. De trije soene sneontenacht in jonge fan Aldemardum en ien fan Amstelveen skopt en slein hawwe. De twa rûnen dêrby ferwûnings op.

De jonges makken diel út fan twa groepen dy't yn it sintrum fan De Lemmer spul meiïnoar krigen. De fertochten binne tiisdei oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)