Undersyk slankmeitsjend aaiwyt

© Omrop Fryslân
Friesland_Foods sil tegearre mei UMCG yn Grins ûndersyk dwaan nei sûn meitsjende aaiwiten. It doel is om aaiwiten te finen dy´t hertsyktes en oergewicht foarkomme kinne. Friesland Foods hat dat bekend makke.
De aaiwiten dy´t ûndersocht wurde komme út molke en waai. Der sil besjoen wurde hoe´t de aaiwiten bydrage kinne oan de sûnens en ek oft se út de molke en waai helle wurde kinne om yn oare produkten te brûken.