Mear wurk by filtkeunstner

It keunstwurk fan Jongstra dat yn it gemeentehûs fan Wolvegea hinget
Keunstner Claudy Jongstra krijt 100.000 euro stipe fan de provinsje Fryslân om de aktiviteiten fan har filtatelier yn Spannum út te wreidzjen.
No wurkje dêr 7 minsken, as Jongstra har ynvestearringsplan slagget wurde dat der 10. In diel fan it filthânwurk wurdt no noch útbestege, mar aanst bart al it wurk yn Spannum sels. No moat Jongstra noch faak opdrachten wegerje, omdat se fol sit. Untwerpers as Donna Karan binne klant by har.