Nije foarsitter noardlike KvK

Jacob Emmelkamp
Jacob Emmelkamp wurdt de foarsitter fan de nije noardlike Keamer fan Keaphannel. De keamers fan keaphannel fan Fryslân, Drinte en Grinslân binne koartlyn byinoar gien, doe is der in nij haadkantoar yn Grins iepene. Yn Assen en Ljouwert bliuwe festigingen bestean.
Emmelkamp wurdt op 3 jannewaris beneamd. Hy wennet yn Haren en wie direkteur-eigner fan de Nelf en Koopmans Lakfabrieken.