Dowepleach yn Frjentsjer
Wenningstichting Optimaal yn Frjentsjer hat al in skoft lêst fan in pear ûngewoane gasten. Op it dak fan it gebou oan de Voorstraat sitte tsientallen dowen. By de wenningstichting binne se der net bliid mei. De bisten skite alles ûnder.
Yn in pear moannen tiid hat in spesjaal bedriuw al 30 dowen fongen, mar der lykje hieltyd mear dowen by te kommen.