Planeet hjit Van Marxveldt

Der is in planeet neamd nei de Fryske skriuwster Cissy van Marxveldt. Dat is it pseudonym fan Setske de Haan, bekend fan de boeken oer de bakfisk Joop ter Heul. Setske de Haan waard yn 1889 berne yn Oranjewâld en groeide dêr ek op.
De planeet dy't nei har ferneamd is, waard yn 1975 ûntdutsen. De ferneaming waard op har bertedei bekend makke: 24 novimber.