Lutinepriis foar Arjen Kok

27 nov 2007 - 16:06

Arjen Kok fan Mantgum krijt dit jier de Lutinepriis. B&W Skylge hat de priis oan him takend foar syn boek Aastermiede & Wachthuusplak. Kok hat in oersjoch makke fan de nammen fan fjilden op it eilân.

Mei de priis wol de sjuery it jierrenlange wurk fan Kok ûnderkenne. Hy hat al it geografyske materiaal dat der wie byinoar brocht, mar ek sels in soad nammen boppe wetter helle, troch gesprekken mei âldere bewenners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)