Unwissens Koornbeurs yn 2008

de Koornbeurs yn Frjentsjer
It is ûndúdlik oft teater De Koornbeurs yn Frjentsjer takom jier wol iepen kin. Wethâlder Bram Bonnema fan Frjentsjerteradiel seit dat hy in ûndersyk ynstelle lit nei de mooglikheden, no't it bestjoer fan it teater opstapt is.
Neffens Bonnema sil it rinnende teaterseizoen wol gewoan ôfmakke wurde. Hy giet der fanút dat it ôfskied fan it sittende bestjoer definityf is.