Spilers op proef by Cambuur

27 nov 2007 - 15:11

Sportclub Cambuur hat dizze wike twa spilers op proef. It giet om de Sweed Patrick Amoah (21) en Heidar Juliusson (20) út IIslân. Beide spilers fuotbalje yn Sweden.

Amoah is in oanfallende middenfjilder en spilet op dit stuit foar Djurgardens IF. Juliusson is in fleugeloanfaller fan Hammarby IF. De twa spilers krije beide in wike de tiid om harren te bewizen by de Ljouwerters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)