Hooijboer werom by seleksje

27 nov 2007 - 14:58

Rick Hooijboer traint sûnt moandei wer by de earste seleksje fan Cambuur. De ôfrûne wike moast hy foar straf mei de beloften meitraine, om't hy de oanfierdersbân as protest ûnder syn shirt droech. Dat wie yn de wedstriid tsjin Haarlem.

Hy protestearre dêrmei tsjin it beslút fan trainer Jurrie Koolhof om Koen Brack op de bank te setten. De dissiplinêre straf hat dêrmei ien wike duorre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)