CNV wint pleit tsjin DE

27 nov 2007 - 14:41

Sara Lee/Douwe Egberts moat pensionearden deselde syktekoste- fergoeding jaan as fêste meiwurkers. De fêste meiwurkers krije 6,5% fan har lean om har syktekostefersekering fan te beteljen. DE hat dat foar pensionearden yn 2006 werom brocht nei 4,4% en woe it no wer ferleechje nei 3,3.

Fakbûn CNV is dêrom nei de rjochter stapt. Dy bepaalde dat DE ek de pensionearden 6,5% betelje moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)