Atletykhal foar reedriders

Reedriders kinne tenei by Thialf op it Hearrenfean ek hurdrinne en fitnesse. Der is op it parkearterrein achter it stadion in atlektykhal foar boud. De topsporters dy't by Thialf komme foar it reedriden wolle dêr ek krachttraine kinne. Mei de bou fan de hal komt Thialf temjitte oan dizze winsk.
De parkearplakken dy't opoffere binne foar de hal, wurde op in oar plak wer kompenseard. De hal is hast klear.