Grië ferliest Michelin-stjer

Restaurant De Grië op Skylge hat gjin Michelin-stjer mear. Neffens de ynterimmanager hat dat neat te krijen mei de kwaliteit fan it iten, mar leit it oan gerommel yn it management. Allinne De Koriander yn Drachten hat no noch in 'Fryske' Michelin-stjer.
De Grië sit sûnt in pear jier yn Hotel Paal 8. Earder hat De Grië de stjer ek alris ferlern en wer werom krigen. Twa jier lyn is ek Lauswolt yn Beetstersweach syn stjer kwytrekke.