Jonge ramt wenark mei auto

© Omrop Fryslân
In 19-jierrige jonge út Doanjum hat moandei yn Ljouwert mei syn auto in wenark ramd. De jonge soe op de Westersingel yn in bocht in auto ynhelje, mar doe kaam der him ek ien yn de mjitte. Hy ferlear de macht oer it stjoer, rekke in lampepeal, ried in ferdielkast fan it gasbedriuw stikken en kaam heal op de wâl, heal tsjin in wenboat ta stilstân.
De jonge rekke net ferwûne. Hoe grut de skea oan de boat is, is net bekend.