Stormvogels winne fan Cambuur

© Omrop Fryslân
Jong Cambuur hat moandeitejûn ferlern fan Jong Stormvogels Telstar. De Ljouwerters spilen út yn Velsen en ferlearen mei 2-1. Nei sân minuten waard de 1-0 foar Stormvogels Telstar makke.
Necmettin Imac makke nei it skoft de 1-1. Cambuur spile dêrnei flink op de goal fan Stormvogels, mar der waard net mear skoard. Ien minút foar tiid sette Stormvogels Telstar de stân lykwols op 2-1.