Feansters winne fan Ajax

26 nov 2007 - 21:35
  • Timmy Johansen ienepe de skoare foar Hearrenfean

Jong Hearrenfean hat moandei jong Ajax mei 4-3 ferslein. Yn Amsterdam foelen alle doelpunten yn de twadde helte. Kennedy en Chakib Tayeb makken de earste twa goals foar Ajax, Timmi Johansen skoarde der ien foar it Fean. Kennedy makke dêr 3-1 fan.

Yn de lêste minuten pakte Jong Hearrenfean mei in goal fan Nick Loohuis en twa fan Samuel Armenteros de winst. Jong Hearrenfean stiet no fyfde yn de kompetysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)