Thialf draait topjier

26 nov 2007 - 21:02

Mei in heal miljoen euro winst oer 2006 draait iisstadion Thialf in topjier. It is it bêste resultaat dat boekt is sûnt de iisbaan fiif jier lyn fallyt gie. Ekstra eveneminten lykas Holiday on Ice soargen foar in hegere omset.

Der is ek wer romte foar nije ynvestearingen. Direkteur Nieweg wol bygelyks in gruttere entreehal by it stadion. Ek is der in trimbaan makke dêr't reedriders drave en traine kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)